Springe nei ynhâld

Amos (bibelboek)

Ut Wikipedy
Amos
algemiene gegevens
oarspr. titel עמוס ("Amos")
auteur Amos
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±750 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Joël
● folgjend diel Obadja
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Amos
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Amos, yn it oarspronklike Hebriuwsk: עמוס, Amos, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket dizze tekst ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek). Dat is yn 'e Tenach it 13de fan yn totaal 24 boeken, dat sels wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Amos in bibelboek op himsels, it 30ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

Yn it boek Amos binne de profesijen fan 'e profeet Amos fêstlein, in skieppehâlder en figekweker út Tekóa, in doarp oan 'e râne fan 'e Negev-woastyn, earne tusken Betlehim en Hebron. Hy wie in tiidgenoat fan 'e profeet Hoséa, mar libbe en wurke nei gedachten justjes earder, om 750 f.Kr. hinne, wêrmei't it boek Amos it ierst skreaune fan 'e profetyske bibelboeken is. Amos besocht ûnder it regear fan Jerobeäm II fan Israel en Oezzia fan Juda om 'e Israeliten ta ynkear te bringen, mei't hja har fan God ôfkeard hiene en oare goaden begûn wiene te ferearjen. De measte moderne bibelwittenskippers akseptearje de autentisiteit fan Amos as in tekst dy't yn 'e achtste iuw f.Kr. skreaun is troch de profeet Amos sels (of optekene is troch in klerk). De earste folsleine Fryske oersetting fan Amos stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

De profeet Amos (in yllústraasje fan Gustave Doré).

Hoewol't Amos in ynwenner fan it suderryk Juda wie, preke er benammen yn it noarderryk Israel. Hy libbe yn in tiid dat sawol Juda as Israel it hichtepunt fan harren woltier berikten, mei't harren machtichste buorsteaten, Aram en Assyrje, ûnderling oarloggen. Yn dy snuorje kearden de ynwenners fan beide lannen har almar mear ôf fan 'e joadske godstsjinst, wat Amos oansette ta syn profetearjen; hy beklamme lykwols dat er fan berop eins boer wie, en net in lid fan it "profesjonele" profetegilde.

Amos syn boadskip kin gearfette wurde ta trije haadtema's: maatskiplike rjochtfeardigens, de almacht fan God, en it godlik oardiel oer de dôfhûdigen. It boek Amos bestiet út fjouwer dielen. Am. 1 en 2 jouwe in etyske skôging fan 'e buorfolken en dan fan it folk fan Israel sels. Am. 3-6 foarmje in samling profesijen dy't djipper yngeane op 'e misdieden fan Israel. Am. 7-9:10 binne opmakke út fizioenen dy't Amos krige en út in beskriuwing fan syn konflikt mei Amasja, de preester fan Bet-El. En Am. 9:11-15 is in epilooch, wêryn't de profeet nei it oardiel fan God bettere tiden foar de Israeliten foarseit.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Am. 5:11-15 út. De earste folsleine útjefte fan Amos stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Amos waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering